LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

De Grûn Fan Myn Hert

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
De doarpen en de stêd
It bolwurk, Syl en grêft
Ek mei myn eagen ticht
Haw ik se noch yn't sicht

't Lauwersmar en it leech
De ie, it djip, de see
Se rinne troch myn bloed
Dat mei it wetter brûst

Tusken de Wâlden en it Waad
Troch iepen fjild en beamkeskaad
Floeit it lân fan noardeast
En yn my ek
Út de grûn fan myn hert

't Kleasterbosk en it slot
Bûtendyks by Moddergat
Lâns de trekwei en de feart
Ja, dêr krige-ik de geast

De sluzen en de dyk
De slenken en it slyk
Sjoch ik se even net
Sjoch ik se yn myn hert

Tusken de Wâlden en it Waad
Troch iepen fjild en beamkeskaad
Floeit it lân fan noardeast
En yn my ek
Út de grûn fan myn hert

Fan Boerum oant Hallum ta
Fan Sweagerbosk nei Ternaard
It is myn stee, myn hertegrûn
Mei hiel myn siel deroan ferbûn

Tusken de Wâlden en it Waad
Troch iepen fjild en beamkeskaad
Floeit it lân fan noardeast
En yn my ek
It is de grûn fan myn hert

PUBLISHERS

Lyrics © TuneCore Inc.

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other