Fanut de lijte klim ik nei de see
Ik wâdzje troch de nacht omheech
Nei de loft dy't my driigjend lokket
En dan stean ik op ‘e dyk
Ik sjoch dy rinnen yn ‘e rein
En ik raas tsjin alles yn
Ik hâld fan dy, ik hâld fan dy
Ik hâld fan dy, do stoarm yn my
It spûket oer it waad en troch myn holle
Yn ‘e geast fan wat ik fiel
Wite koppen op gâns hege golven
Spatte stikken yn myn siel
En dan stean ik op ‘e dyk
Ik sjoch dy rinnen yn ‘e rein
En ik raas tsjin alles yn
Ik hâld fan dy, ik hâld fan dy
Se lûkt oan my, se triuwt my fuort
Se lit mij net frij, sa't se oan my skuort, o stoarm
Se lûkt oan my, se triuwt my fuort
Se lit my net frij, sa't se oan my skuort, o stoarm yn my
De stoarm bêdet wat del, sa liket it
Mar de wyn waait noch wyld
Ik sjoch de moanne yn it wetter skinen
Noch altyd tink ik oan dat byld
En dan stean ik op ‘e dyk
Ik sjoch dy rinnen yn ‘e rein
En ik raas tsjin alles yn
Ik hâld fan dy, ik hâld fan dy
Ik hâld fan dy, do stoarm yn my