Moai sûnder wjergea binne de Wâlden
Smûk skaadzjend beamtegrien oeral yn ’t rûn
Blier laitsjend boulân, tierige greiden
Sjongende fûgels, sânich de grûn
Maaimoanne pronkseal binne de Wâlden
’t Hôf klaaid yn bloeiselwyt, geal sjongt en slacht
Kijkes yn ’t miedlân rinne te weidzjen
’t Nôt weag’t it fjild oer, swiid is de pracht
Fryske bewenners hawwe de Wâlden
Hja libje froed en from, sljocht binn’ se en rjocht
Eang fan útwrydskens, gol en ienfâldich
Altyd deselde, wêr’t men se sjocht
Nocht oars sa nearne jouwe de Wâlden,
Oerfloedich libbensswiet, sûnens en tier,
Foarjiers en simmers, hjersttiids en winters,
Fjildwille en húsfreugd, troch ’t hiele jier.