Sjoch ik marren wiids en wyld
Sjoch ik sa no en dan in beam
Grutsk en fier op it flakke lân
Weauwend oan it eachein stean
En yn ‘e leechte weisonken
Doarpen, tsjerken, klokken dy't swije
Sa sjoch ik Fryslân . . .
Ik sjoch Fryslân op hiel eigen wize
En ik sil dy nea ut it each ferlieze
Sjoch ik in loft sa leech
En de sinne wurdt stadichoan
Troch grize dampen utfeegd
Klinkt de stimme fan it wetter
Efter diken, wurch mar wekker
Sa sjoch ik Fryslân . . .