LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

Sinleas Geweld

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
Midden yn it bosk
Stie in grutte beam
Yn ‘e bloei fan syn libben
Yn ‘e simmer fan syn bestean

Hy hie stoarmen trochstien
Blêden ferlen yn ‘e hjerst
Ek hie er de winters oerlibbe
Mar de minsken koe er net

Hy stie dêr grutsk yn ‘e wyn
Mar se kamen en hakken op ‘m yn
Doe dy nacht waard er feld
Yn in stoarm, in stoarm fan sinleas geweld

It wie in bluisterige dei
En doe kaam de neare nacht
Hy joech stimme oan stil protest
Mar nimmen hearde syn klacht

Hy stie dêr grutsk yn ‘e wyn
Mar se kamen en hakken op ‘m yn
Doe dy nacht waard er feld
Yn in stoarm, in stoarm fan sinleas geweld

Mei woartel en al
Waard er skuord ut dit bestean
En wat er neiliet
Is it gat wêryn't wy stean'

Hear it rûzjen fan beammen
It gûlen fan ‘e wyn
Of is it soms it bosk
Dat seit wat it derfan fynt

PUBLISHERS

Lyrics © TuneCore Inc.

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other