Ik stean even stil wêr‘t hy altyd siet
Eltse dei wet itselde liet
Spile ‘r syn fers op de akkordeon
Dan wie ‘t krekt oft ‘r de wrâld ta song
Spylman, dyn liet fol fertriet
Langjend nei in oare en bett're tiid
Hy frege gjin gjild foar syn muzyk
Dochs rekke ‘r de minsken lyk yn it hert
Hy sjitte se oan ek al wiene se let
Spylman, dyn liet fol fertriet
Langjend nei in oare en bett're tiid
Mar doe op in dei siet hy ‘r net mear
En eltsenien frege: "Wêr is ‘r keard?'"
Ik haw him dêrnei noch ien kear sjoen
Hy like ferslein en ik klampe him oan
Hy sei: "Ik spile alle triennen fuort
Mar minsken gûle hjoed-de-dei te bot"
Spylman, dyn liet fol fertriet
Langjend nei in oare en bett're tiid